André Krul is de nije keeper fan Sportklup Cambuur

14 aug 2015 - 20:48

Sportklup Cambuur hat in nije keeper oanlutsen. It giet om de 28-jierrige André Krul. Hy komt oer fan it Belgyske KV Turnhout en hat in kontrakt tekene foar de rest fan it seizoen. Krul debutearre seis jier lyn yn it betelle fuotbal by Telstar. Fierder spile er by Sparta Rotterdam, AGOVV Apeldoorn, Valetta op Malta, Boyacá Chocó yn Kolombia en Bayamón yn Puerto Rico. Krul is de tredde keeper by Cambuur. Hy moat de striid oangean mei Leonard Nienhuis en Harm Zeinstra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)