Plysje-ûndersyk yn hûs ombrochte frou Drachten hast klear

14 aug 2015 - 15:45

De plysje is hast klear mei it ûndersyk yn twa huzen yn Drachten. It giet om it hûs oan de Zilverschoon, dêr't freedtemoarn in frou fan 32 dea fûn waard. Ek waard ûndersyk dien yn in hûs oan de Smaragd, dêr't har eks-freon wennet. Dy wurdt fertocht fan it om it libben bringen fan de frou.

Oft it ûndersyk wat opsmiten hat, kin de plysje noch net sizze. Yn it hûs fan de frou is benammen sjoen nei spoaren, yn dat fan har eks-freon nei materiaal dat yn ferbân brocht wurde kin mei de dea fan de frou.

It wapen dêr't se mei ombrocht is, is noch net fûn. De eks-freon waard earder freed al oppakt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)