Swimcoach Kees Robbertsen komt werom nei Drachten

14 aug 2015 - 14:52

Kees Robbertsen hâldt op as bûnscoach fan de Nederlânske swimmers yn Eindhoven en komt werom nei Drachten. Dêr sil er wer oan de slach yn it RTC, it opliedingssintrum foar talintfolle swimmers. Robbertsen makke ferline jier de oerstap fan Drachten nei Eindhoven en it wurk befalt goed.

Dochs freget de baan as bûnscoach in hiel soad fan him. Dêrtroch wie de balâns wat fuort, seit er. Om't syn gesin noch yn Drachten wennet, woe Robbertsen graach werom.

Technysk direkteur Joop Alberda fan it Nederlânske swimbûn snapt de beslissing, mar fynt it wol spitich.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)