Rykswettersteat ferwachtet files op de Ofslútdyk

14 aug 2015 - 14:17

Rykswettersteat ferwachtet ek kommend wykein wer files op de Ofslútdyk by Koarnwertersân, no't de skoalfakânsje yn Noard-Nederlân hast foarby is. By it slûzekompleks is fanwege wurksumheden allinnich de brêge neist de Iselmar yn gebrûk foar ferkear.

Yn beide rjochtings moat it ferkear oer ien rydbaan ride yn stee fan twa.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)