St. Juste fit genôch foar FC Utrecht

14 aug 2015 - 14:16

Jerry St. Juste is fit foar de wedstriid tsjin FC Utrecht. De sintrale ferdediger foel tiisdei tsjin De Graafschap út mei in blessuere, mar trainde de folgjende dei al wol wer mei. St. Juste hat lêst fan in kniesde meniskus, mar dêr kin hy wol mei spylje.

Trainer Dwight Lodeweges sil mei deselde alve spilers begjinne as tsjin De Graafschap. FC Utrecht-SC Hearrenfean begjint snein om 14.30 oere en is live te folgjen by Omrop Fryslân op de radio.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)