Mingde gefoelens oer rêding oanleunwenningen Nij Bethanië

14 aug 2015 - 13:17

Mingde gefoelens by de gemeente Frjentsjerteradiel en doarpsbelang Tsjummearum oer de oername fan soarchsintrum Nij Bethanië. Tongersdei waard bekend dat soarchsintrum Het Bildt foar in part de soarchtaken oernimt fan Noorderbreedte.

De gemeente en doarpsbelang binne bliid dat bewenners fan de oanleunwenningen harren soarch behâlde, mar fine it spitich dat yntinsive ferpleechsoarch foar âlderen foarearst net levere wurde kin. Doarpsbelang is benaud foar de leefberens yn it doarp.

Nij Bethanië soe it sintrale plak fan it doarp wurde mei ûnder oaren in plak foar de basisskoallen.

De skeaklaim dy't de gemeente en de wenningstichting by Noorderbreedte yntsjinne hienen, wurdt ynlutsen. Yn ruil dêrfoar wurdt it atrium fan Nij Bethanië opknapt op kosten fan Noorderbreedte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)