PvdA wol oersjoch fan ûnfeilige oerstekplakken

14 aug 2015 - 13:08

Ferkearsdeputearre Poepjes moat mei in oersjoch komme fan alle ûnfeilige oerstekplakken by provinsjale diken. Dat wol de steatefraksje fan de PvdA. It giet de partij der foaral om dat bern feilich oerstekke kinne, ûnderweis nei skoalle of it sportfjild. De PvdA wiist as foarbyld op it oerstekplak nei de sportfjilden oan de N392 yn Aldeboarn.

De partij krijt klachten fan âlden dat de bern dêr net feilich genôch de dyk oer kinne. De PvdA wol fan Poepjes witte wat se dwaan sil oan dy situaasje en oan oare ûnfeilige oerstekplakken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)