Calvin Mac-Intosch twifelgefal Cambuur

14 aug 2015 - 12:53

Calvin Mac-Intosch is foar de wedstriid fan Cambuur snein tsjin Feyenoord noch in twifelgefal. Mac-Intosch moat de ferfanger wêze fan Etiënne Reijnen dy't tongersdei in kontrakt tekene by FC Grins. Cambuur docht der alles oan om Mac-Intosch fit te krijen foar snein. Erik Bakker hat hinder fan in ankelblessuere, mar liket wol spylje te kinnen. Houtkoop spilet wer as linker oanfaller. Furdjel Narsingh is net fit genôch foar in folsleine wedstriid, mar sit wol by de seleksje. Cambuur hopet op koarte termyn in ferfanger te finen foar Reijnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)