Súdwest-Fryslân jout minima tenei fêste jierlikse bydrage

14 aug 2015 - 12:52

De gemeente Súdwest-Fryslân wol op in oare wize omgean mei de minimabydrage dy't jierliks ferstrekt wurdt oan ynwenners dy't fan in leech ynkommen rûnkomme moatte. It giet om jildbydragen foar bygelyks muzyklessen of in lidmaatskip fan in sportferiening. No is it sa dat minima dizze kosten allinnich achterôf deklarearje kinne by de gemeente.

Súdwest-Fryslân wol tenei de jierlikse minimabydrage automatysk oermeitsje oan ynwenners mei in lyts ynkommen, sûnder dat der deklaraasjebetingsten binne.

It Frysk gearwurkingsferbân Utkearingsgerjochtenden (FSU) is bliid mei it nije belied dat Súdwest-Fryslân fiere wol. It lit sjen dat de gemeente net wantrouwend nei minima sjocht, seit FSU-koördinator Nanne de Jong.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)