Kollum: "Parnassia"

14 aug 2015 - 12:47

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op freed de radiokollum fan Nynke Sietsma, freelance sjoernaliste foar ferskate kranten en tiidskriften en religywittenskipper. Nynke is hikke en tein yn De Rottefalle, mar wennet no yn Den Haach. Har kollums geane oer it daagliks libben of wat har ek mar ferwûndert.

"Foarige wike sei ik noch dat je wat hearre te bestellen as je op in terras sitte.
No, dêr moat ik dizze wike eefkes op weromkomme. Want der binne útsûnderingen fansels. Soms hearre je wat troch de fingers te sjen. Omdat je minsk binne.

In tiidsje lyn skreau de frou fan skriuwer en literatuerresinsint Pieter Steinz in 'ikje' nei NRC. Dat binne hiele koarte ferhaaltsjes oer eat dat je meimakke ha. Se fertelde dat se mei har man - dy't yn in rolstoel sit - nei it terras fan Parnassia yn Bloemendaal aan Zee gong en wat ferfelends meimakke.
Pieter Steinz, har man, is ALS-patient. Hy skreau oant foar koart hiele moaie, bysûndere kollums oer it ferrin fan syn sykte en hoe't syn lichem bytsje by bytsje útfalt. Hoe't er al hiel lang net mear priuwe kin bygelyks. Sûnt begjin dit jier kin hy hielendal net mear drinke.

Se wienen mei syn beiden nei in terras yn Bloemendaal aan Zee gong. Tafallich kin ik dizze strântinte wol goed want doe't ik noch yn Haarlem wenne, siet ik der geregeld, it is in hiel moai plak. It leit in bytsje ferstoppe yn de dunen.

Wat ik my noch goed heuge kin, is dat de rigen altiten frij lang wiene, en de kassafamkes net sa rap, wêrtroch je patat kâld waard. Tsjintwurdich komme servearsters bûten om je bestelling op te nimmen.

Sa ek by Pieter Steinz en syn frou. Hy kin yntusken ek net mear prate, hy kommunisearret fia de iPad. Syn frou hie him yn syn rolstoel yn it skaad delset en sei tsjin it famke fan de betsjinning dat se eefkes nei ûnderen rinne soe, en sa werom komme soe. Se fertelde dat har man net drinke en ite koe en dêrom neat hoegde.

No, dat koe sa mar net. Hy koe der net sitte sûnder wat te bestellen. Ek al siet hy net oan in taffeltsje. Ek al koe hy hielendal net ite of drinke. Ek fan de eigener mocht it net. It skynt dat der as argumint brûkt is: "hy kin sels net iens prate!"

Der bruts in stoarm fan lilkens los yn opiniearjend Nederlân neidat syn frou nei de krante skreaun hie oer it foarfal. Of tenminsten, op social media. It gong hurd om hurd. De iene helte naam it op foar de eigener, ûnder it mom fan, 'hy moat ek fertsjinje', en de oare helte fûn it healwiis en guon woenen de strântinte sels boykotte.

Der is in Facebookside makke dêr't in oprop op dien waard om der mei syn allen sitten te gean en neat te bestellen. Liket my fierstente hystearysk en de famylje is der net mei holpen, mar okee.

Ik sit sels yn it lilkenskamp. Want ik fyn it echt belachlik. Fansels mei dy man dêr eefkes sitte! It is in hiel grut terras en hy sit hiel eefkes yn it skaad. So what. Hy brûkt gjin stoel, gjin taffeltsje, hy kin gjin leven meitsje, hy kin net ien lestich falle want hy sit fêst. Hy sit allinnich mar eefkes yn it skaad fan de strântinte. Dat is alles.

It famke fan de betsjinning sil wol tocht ha: 'ek al kinne je net ite of drinke, je moatte hjir bestelle, dat heart sa. It moat fan myn baas'. Want wêrom soe se oars sa dwers west ha? Mar al dy dingen fyn ik gjin ekskús. Je kinne ek sels neitinke of yn diskusje gean mei je baas. Soks sjogge je gewoan troch de fingers. Punt út. Guon saken ha je gewoan foar elkoar oer, ek al rinne je de omset fan in kopke kofje mis.

De eigener tocht it goed te meitsjen troch de dei-opbringst fan snein, hast 17.000 euro, oer te meitsjen nei de ALS-stifting. Dat is in moai gebaar. Mar ik tink dat hy pas echt in moai gebaar makket as er tenei eefkes de tiid nimt om te lústerjen nei syn publyk. En de regels noait mear, mar dan ek noait mear boppe minsklikheid stelt."

Folgje Nynke Sietsma op Twitter. Moandei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Ferdinand de Jong.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)