BAM-ploech nei WK 10 km

© awfoto.nl
Nei Bob de Jong en Jorrit Bergsma hat ek Bob de Vries him pleatst foar it WK ôfstannen yn maart yn Thialf. Bob de Vries kaam sneontejûn út yn de B-divyzje en ried nei in nij persoanlik rekôr fan 13.01.19. Earder op de dei wie de striid tusken Bob de Jong en Jorrit Bergsma, krekt as Bob de Vries lid fan de BAM-ploech fan Jillert Anema, mei lyts ferskil wûn troch De Jong. Troch in pear mindere rûntsjes kaam Haulster Bob de Vries krekt net ûnder de 13 minuten. Douwe de Vries falt mei syn 13.14.40 bûten de WK ploech.