Spesjaal ljochtplan foar monumintale gebouwen yn Ljouwert

14 aug 2015 - 11:35

Tweintich monumintale gebouwen yn Ljouwert wurde tenei op in bysûndere manier yn it ljocht set. In ljochtadvysburo hat spesjale led-apparatuer ûntwikkele, wêrmei't je sa min mooglik ljochtfersmoarging en lêst fan it ljocht ha. Fierder is ek software ûntwikkele wêrmei't in gebou herkend wurdt fia in app op telefoan of tablet en wêrmei't de ljochtsterkte beynfloede wurde kin.

Mei dy app kin ek de skiednis fan it gebou heard of lêzen wurde. Neffens de ûntwerpers is dat in wrâldprimeur. De plannen wurde kommende tiisdei presintearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)