Selstraffen easke tsjin gizelers fan man út Fryske Peallen

14 aug 2015 - 11:23

Tsjin twa manlju út Delfsyl dy't begjin dit jier in man út Fryske Peallen gizele en bestellen hawwe, is 4 jier sel en 15 moanne sel easke. De manlju oerfoelen de Fries yn de stêd Grins en twongen him om by Delfsyl del nei syn hûs yn Fryske Peallen te riden. Dêr soenen se in laptop en jild stellen ha.

De mem fan it slachtoffer jage it stel it hûs út. De fertochten waarden letter dy dei oppakt. Neffens de advokaat fan de twa Delfsylsters doocht it ferhaal fan de man út Fryske Peallen fan gjin kant en hat er it allegear sels betocht.

De rjochter docht oer twa wiken útspraak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)