Koartsluting yn meubelsaak Haulerwyk: wol reek, gjin fjoer

14 aug 2015 - 10:59

De brânwacht is freedtemoarn útriden foar in brânmelding yn in meubelsaak oan de Leeksterwei yn Haulerwyk. By oankomst die bliken dat it om koartsluting gie. Dêrtroch wie der reek en in brânlucht ûntstien. Fjoer wie der net.

De brânwacht hoegde dêrtroch net te blussen, mar hat wol de winkel fentilearre. Wat de oarsaak fan de koartsluting west hat, is net bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)