Hast in ton ophelle foar biste-opfang Norma Miedema

14 aug 2015 - 10:49

De stifting Dierenlot hat likernôch in ton bymekoar helle foar de biste-opfang fan Norma Miedema yn Ferwert. De opfang waard twa moannen lyn troffen troch brân. Dierenlot begûn doe mei in ynsammelingsaksje foar in nij ûnderkommen foar Norma har bisten.

No't der hast 100.000 euro binnenhelle is, kin Norma ynkoarten in nij plak krije. Wêr't dat wêze sil, is noch net bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)