It Amelân krijt bleate fuottepaad en lânskipsseal

14 aug 2015 - 10:42

It Amelân is in bleate fuottepaad riker. Ek is der in nije lânskipsseal yn it Natoersintrum op it eilân. De ferbining tusken binnen en bûten moat sa noch mear fersterke wurde.

Ien en oar is ta stân kaam troch in gearwurking tusken Steatsboskbehear, Rykswettersteat, it Fryske Gea en ANV Waddenvogels. Sa wolle se dat de Amelanner natoer makliker te belibjen wurdt. Kommende moandei wurde it paad en de seal offisjeel iepene.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)