Soan (8) fan ombrochte frou Drachten mooglik tsjûge

14 aug 2015 - 10:26

Yn it hûs yn Drachten dêr't tongersdeitenacht it lichem fan in deade frou fûn is, wie ek in bern fan acht jier. It is de soan fan it slachtoffer. It jonkje is troch de plysje oerdroegen oan syn heit.

De plysje krige fannacht in melding fan de buorlju, dat der wat oan de hân wie yn it hûs oan de Zilverschoon. Bij oankomst fûnen se it slachtoffer, in frou fan 32. Op grûn fan in sinjalemint fan in tsjûge koe de plysje de fertochte oanhâlde. It giet om de 43-jierrige eks-freon fan it slachtoffer.

De man is in bekende fan de plysje. Wêrom hy al earder mei de plysje te krijen hân hat, is net bekend makke.

De plysje docht ûndersyk yn de huzen fan it slachtoffer en de fertochte. Dêrby wurde ek speurhûnen ynset. De hoop is dat dy it moardwapen fine.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)