Ried foar Kultuer hat krityk op plannen regionale omroppen

14 aug 2015 - 10:16

De Ried foar Kultuer is yn in advys oan steatssekretaris Dekker kritysk oer de plannen fan ROOS foar de regionale omroppen lykas Omrop Fryslân. De regionale omroppen wurkje gear yn ROOS. As it om tv-útstjoerings giet advisearret de ried it BBC-model wêrby't de nijsprogramma's keppele wurde oan it lanlike NOS-nijs.

It radionijs soe yn ien nasjonale stjoerder yntegreard wurde moatte. Op de wichtichste oeren wurdt der dan yn alle regio's in eigen sjoernalistyk programma útstjoerd. Ek oer de foarstelde organisaasje is de ried net tefreden.

Der binne tefolle direkteuren, haadredakteuren en rieden fan tafersjoch. Fierder binne de klusters ynhâldlik noch tefolle rjochte op provinsjes wylst sy harren better apart rjochtsje kinne op stêden en plattelân. De gearwurking mei oare nijsoanbieders komt ek te min út 'e ferve, stiet yn it advys.

Omrop-direkteur Jan Koster is min te sprekken oer it rapport. Neffens him ferliest Omrop Fryslân hjirmei de eigen regionale identiteit.

Sjoch hjir foar it advys fan de Ried foar Kultuer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)