SP-keamerlid hat soargen oer learlingeferfier DFM

14 aug 2015 - 10:08

SP-keamerlid Tjitske Siderius hat de steatssekretaris fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip frege nei de situaasje mei it taksyferfier fan learlingen mei in beheining yn de gemeente De Fryske Marren. Dy wol de bern opstappe litte op sintrale opstappunten en dêr binne de âlden foel op tsjin.

Siderius freget de steatssekretaris oft hy ek fynt dat der learlingen binne dy't net yn in grutte groep wêze kinne en dêrom yndividueel ferfierd wurde moatte. De wize wêrop't de maatregel ynfierd wurdt, soe neffens har ek net goed wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)