Frou om it libben brocht yn Drachten

14 aug 2015 - 06:17

Yn in hûs oan de Zilverschoon yn Drachten is tongersdeitenacht in frou om it libben brocht. De plysje krige in melding fan buorlju. Doe't se der kamen, ha se in rút ynslein om yn it hûs te kommen. Neffens de plysje wie de frou doe al ferstoarn en koene se neat mear foar har dwaan. Op grûn fan in sinjalemint koe koart dêrnei in 43-jierrige fertochte oanhâlden wurde. It giet om de freon fan it slachtoffer.

De man wurdt heard oer syn mooglike belutsenheid by de dea fan de frou.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)