Partoer Tineke Dijkstra mei nei de frouljus PC

13 aug 2015 - 23:30

Tineke Dijkstra, Esther Wagenaar en Annelien Broersma binne kommende woansdei it tolfde partoer op de frouljus PC yn Weidum. Yn Akkrum waard de keats-off wûn fan fjouwer partoeren. Yn de finale waarden Hendrieke van der Schoot, Melissa Rianne Hiemstra en Mirjam Beeksma mei 5-4 en 6-4 ferslein. Yn de heale finale wûnen Dijkstra c.s. krekt mei 5-5 en 6-2 fan Nelie Steenstra, Marie-Jetske Lettinga en Anouk Tolsma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)