Aldehaske ferdielt ien miljoen euro Postcode Loterij

13 aug 2015 - 17:53
  • De priiswinners yn Aldehaske

Yn Aldehaske ha seis dielnimmers oan de Postcode Loterij mei elkoar ien miljoen euro wûn. It giet om twa dielnimmers dy't elts in kwart miljoen euro wûn ha en fjouwer dy't elts 125.000 tûzen euro krije. It giet om minsken dy't oan de Jousterwei wenje. Ien fan winners sil fan it jild mei de frou op fakânsje nei Australië.

Ferline jier ha seis ynwenners fan Aldehaske meielkoar hast 290.000 euro ferdield. Dat wie op de Turfkoer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)