Fryske detailhannel sit wer yn de lift

13 aug 2015 - 17:49

Detailhannelssaken yn Fryslân fernimme dat it better giet mei de ekonomy. Neffens it CBS ha Nederlânske winkellju yn juny de heechste omset helle yn sân jier tiid. Benammen winkels yn wenningynrjochting, drogisterijen en kleansaken diene goeie saken. Dat jildt ek foar Fryske winkels, lykas Blaauw Woninginrjochting yn Jobbegea. Dat bedriuw moast de ôfrûne jierren in pear minsken dien jaan fanwege de krisis, mar hat it no wer drokker.

Ek kleansaak Stan en Stacy yn Snits fernimt dat it wer oanlûkt, al hat de winkel net al te folle lêst hân fan de krisis. Dat komt foaral trochdat de saak him spesjalisearre hat yn mar in pear merken. Dat wurket hiel goed

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)