BSB Staalbouw mei-oanspraaklik foar brêge-ûngelok

13 aug 2015 - 16:26

BSB Staalbouw út Burgum wurdt troch de gemeente Alphen aan den Rijn mei-oanspraaklik steld foar de skea troch it brêge-ûngelok fan 3 augustus. Doe foelen twa kranen om, mei dêryn in troch it bedriuw makke brêgedek. It gefaarte kaam del op in oantal huzen en winkels en soarge dêr foar flinke skea.

Neffens de gemeente Alphen aan den Rijn binne BSB, mar ek oannimmersbedriuw Mourik, yn gebreke bleaun en dêrom oanspraaklik foar de skea. De gemeente hat yntusken 25 meldings fan skea binnen krigen.

Der wurdt noch wurke oan in plan fan oanpak foar it fuortheljen fan de kranen en it brêgedek.

Boubedriuw Mourik seit dat net sy, mar BSB Staalbouw út Burgum ferantwurdlik is foar de skea troch it ûngelok mei de omfallen kranen yn Alphen aan den Rijn. Mourik begrypt dat de gemeente beide bedriuwen ferantwurdlik stelt foar de skea, mar jout ek oan dat it wurk útbestege is oan BSB. Hoe grut de skea krekt is, is noch net bekend.

BSB Staalbouw seit dat net sy, mar kraanbedriuw Peinemann ferantwurdlik is. Neffens BSB hawwe sy wol it brêgedek makke, mar is it pleatsen útbestege oan Peinemann en is dy dêrom ek oanspraaklik foar de skea troch it misgean fan dat pleatsen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)