Bargeboeren yn de problemen troch lege fleisprizen

13 aug 2015 - 12:41

Bargeboeren krije hieltyd minder jild foar harren bargen. De priis leit no sa'n tweinich persint leger as in jier lyn. In soad bargeboeren kinne dêrtroch sawat net mear rûnkomme. Der moat alle dagen jild by. Foar guon bargeboeren is de maat fol. Sy wolle ynkoarten aksje fiere. Dochs is dat neffens bargeboer Cor de Ruiter fan Aldegea yn gemeente De Fryske Marren net de oplossing.

Hy sjocht leaver dat Nederlânske supermerken yn de takomst better betelje foar bargen fan eigen boaiem. Dy metoade wurket yn Dútslân ek neffens De Ruiter.

Trefwurden: 
bargeboeren
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)