Man yn Ljouwert tatakele troch syn eks-frou

13 aug 2015 - 11:35

In 32-jierrige frou út Ljouwert hat tongersdeitemoarn har eks-man tatakele mei in skerp foarwerp. De twa hiene rûzje krigen yn in wenning oan de Beukestrjitte. It 42-jierrige slachtoffer hat oan de oanfal slimme ferwûnings oan de nekke oerhâlden. Hy moast nei it sikehûs ta.

De frou is nei it ynsidint oanhâlden. Se wurdt fertocht fan swiere mishanneling en poging ta deaslach.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)