Skuorre mei hea yn 'e brân yn Surhústerfean

13 aug 2015 - 06:05

Yn Surhústerfean hat yn de nacht fan woansdei op tongersdei brân west yn in skuorre mei hea. It fjoer ûntstie troch heabroei. De brânwacht kaam mei twa weinen te plak om ekstra bluswetter winne te kinnen. It baarnende hea soarge foar in soad fleanfjoer.

De brânwacht hat it hea útekoar helle om it fjoer blusse te kinnen. Dêrnei is alles út de skuorre helle. It geboutsje stie achter in wenhûs. Dat rekke net skansearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)