Beekpassaazje foar bisten by Keningsdjip Beetstersweach

12 aug 2015 - 17:47

Bisten kinne fan 15 novimber ôf by it Keningsdjip by Beetstersweach feilich de A7 oerstekke. De provinsje hat Reimert BV út Almere opdracht jûn om in beekpassaazje oan te lizzen ûnder de sneldyk troch. It Keningsdjip kin hjirmei goed ûnder de A7 trochstreame. De beek ferbynt de twa natuergebieten oan wjerskanten fan de sneldyk.

Otters en slangen kinne fia de passaazje feilich oerstekke en krije sa in grutter gebiet om yn te libjen. It wurk begjint op 1 septimber.

It ferkear kin ûnder it wurk trochride, mar de de rydbanen kinne tydlik smeller wêze. It projekt kostet twa miljoen euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)