Hackers helpe de GGZ Fryslân te fernijen

12 aug 2015 - 17:35

Hackers en oare komjûtersaakkundigen sille de GGZ Fryslân helpe te fernijen. Sa'n 200 minsken komme begjin septimber by elkoar yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert om plannen foar de geastlike sûnensoarch te ûntwikkeljen. De hackers krije yn de âlde finzenis tal fan opdrachten.

Dêrmei moatte se 24 oeren oan de slach. Se slute harren op, sa no en dan mei seis man yn in sel. Dêr achter de traaljes wurket it brein perfekt, sa it de ferwachting.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)