'Ryk sjocht net goed genôch nei alternative enerzjy'

12 aug 2015 - 16:36

It ûntwikkeljen fan nije gasfjilden op de Noardsee jout oan dat it regear noch hieltyd net de urginsje sjocht om wurk te meitsjen fan in duorsume enerzjyfoarsjenning. Dat stelt Marjan Minnesma fan Urgenda. Dat is in organisaasje dy't 'm ynset foar duorsumheid en ynnovaasje yn Nederlân. Reden is it plan fan minister Kamp fan Ekonomyske Saken om mear gas te winnen út de boaiem fan de Noardsee.

Neffens Kamp binne dêr noch genôch fjilden dy't ûntwikkele wurde kinne.

Hy wol dy brûke om minder ôfhinklik te wurden fan it gas út de boaiem yn Grinslân. Ek wol hy sa de omskeakeling mooglik meitsje nei in duorsume enerzjyfoarsjenning. Neffens MInnesma is dat krekt de ferkearde kar. It Ryk is koartlyn troch de rjochter op de fingers tikke om it klimaatbelied. De oerheid moat folle mear dwaan om de útstjit fan CO2 tsjin te gean. Dizze syktocht nei nije gasfjilden is dan nuver. Minnesma fynt dat der folle mear ynvestearre wurde moat yn oare techniken, lykas sinne-enerzjy.

Ek de Waadferiening set syn kanttekens by it plan fan Kamp. Frank Petersen fan de feriening seit dat minsken al skoften oars tinke oer enerzjy. Dat sjogge je al oan it tal sinnepanielen dat op dakken pleatst wurdt.

By de NAM binne se al bliid. It bedriuw sjocht in soad kânsen op de Noardsee. Dochs is der ek in 'mar'. Op it stuit is de gaspriis sa leech dat it de fraach is at de ûntwikkeling fan in gasfjild út kin. De NAM wol graach dat der gau nij belied komt. No moat bygelyks per fjild ûndersocht wurde oft it yn oanmerking komt foar in geunstich belestingtaryf omdat it oppompen in soad jild kostet. De NAM pleitet foar ien taryf sadat alle gaswinmaatskippijen witte wer't se oan ta binne en al gau útrekkenje kinne oft winning fan gas al of net út kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)