Jonges út De Like oanholden foar ynbraak Aldi Drachten

12 aug 2015 - 15:33

De plysje yn De Like yn Grinslân hat twa minderjierrige jonges oanhâlden foar de ynbraak yn de Aldi yn Drachten yn it wykein. Nei de ynbraak yn de supermerk oan de Markt, wêrby in soad sigaretten stellen waarden, die de plysje in oprop oan tsjûgen om har te melden. Dêrop kaam in melding út De Like oer it fertochte gedrach fan de twa jonges.

De plysje kontrolearre it duo en kaam der achter dat se de stellen sigaretten en shag by har hiene. Se binne meinaam nei it buro. Hjir bekenden se dat se it guod stellen hiene.

De plysje fertinkt de jonges fan mear ynbraken en is dwaande mei in ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)