Jonge smyt fjoerwurk op tinte op Skylge

12 aug 2015 - 13:06

In 17-jierrige jonge út Hilversum is tiisdeitejûn oppakt omdat hy op in camping yn Midslân swier fjoerwurk op in tinte smiten hat. Yn de tinte leinen twa famkes. Se seagen in oranje gloed, folge troch in hurde knal. Troch it lûd hiene de famkes in skoft lang lêst fan in hurde piip yn de earen. De tinte rekke skansearre troch it fjoerwurk.

Mei help fan tsjûgen is de jonge út Hilversum oanhâlden. Hy is mei de boat fan Skylge nei Ljouwert brocht en sit noch fêst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)