Muzykkorps Advendo moat op syk nei alternative finansiers

12 aug 2015 - 11:30

Muzykkorps Advendo yn Snits moat fan takom jier ôf kreativer wurde om oan jild te kommen. De gemeente Súdwest-Fryslân draait de subsydzjekraan foar in part ticht. Oant no ta krige Advendo jild út ferskate gemeentepotsjes, mar dat mei daliks net mear. Dat skeelt it korps tûzenen euro's. Dochs hat direkteur Henk Abma fan Advendo fertrouwen yn de takomst.

De kommende tiid sil it bestjoer neitinke oer alternativen, lykas it binnenheljen fan mear optredens en ferkeapaksjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)