Ekstra help Stenden Hegeskoalle foar earstejiers studinten

12 aug 2015 - 07:46

Stenden Hegeskoalle yn Ljouwert hâldt de gefolgen fan de nije stúdzjebeurs strak yn de gaten. Sa is der de earste 100 dagen ekstra begelieding foar nije studinten. Fan dit stúdzjejier ôf krije de studinten net langer in basisbeurs, mar is alles in liening. En dat betsjut dat folle mear earstejiers oan harren stúdzje begjinne, wylst se dêrneist ek in baan hawwe.

Ut ûndersyk hat bliken dien dat mar leafst trijekwart fan de earstejiers in bybaan sykje wol. En dat betsjut automatysk dat se minder tiid oer hawwe foar harren stúdzje.

Foar Stenden reden om dat goed yn de gaten te hâlden, al is der op dit stuit noch gjin oanlieding om der echt grutte soargen oer te hawwen, sa tinkt foarsitter Leendert Klaasen fan de ried fan bestjoer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)