Kattetou pleatst oan de Hoekstersingel yn Ljouwert

11 aug 2015 - 12:44

Om katten fan de ferdrinkingsdea te rêden hat biste-opfang De Wissel in tou ophongen lâns de grêft yn Ljouwert. It earste eksimplaar is pleatst by de Hoekstersingel. Der gean elts jier in protte katten dea neidat se yn in stedsgrêft falle. It slagget de bisten dan net mear om op de hege kaden te klimmen. Linda Colijn fan Diere-opfang De Wissel hopet dat der mear kattetouwen yn Ljouwert komme.

De rêdingstouwen binne in idee fan de aksjegroep 'Kat uit de Gracht'. De groep waard yn 2009 oprjochte yn Leiden. Troch harren ynset binne der al mear as 50 katten yn Nederlân út it wetter rêden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)