Direkteur BSB Staalbouw: "Kontinuïteit BSB net yn gefaar"

11 aug 2015 - 11:51
  • Jan Pesie fan BSB Staalbouw

Direkteur Jan Pesie fan BSB Staalbouw út Sumar tinkt net dat de kontinuïteit fan syn bedriuw yn gefaar komt troch it ûngelok mei de brêge yn Alphen aan den Rijn, ferline wike. Wol sil de neisleep fan it ûngelok noch moannen yn beslach nimme. Dat seit Pesie yn in petear mei Omrop Fryslân.

Pesie en in tal direkt belutsen meiwurkers hawwe ferskate sliepeleaze nachten hân nei it ûngelok. De direkteur is ôfgryslik bliid dat der gjin slachtoffers fallen binne. Hoe slim alles ek is. It wie noch folle slimmer west as der slachtoffers fallen wiene.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)