It giet hieltyd better mei de ferhier fan plezierboaten

10 aug 2015 - 19:40

It giet goed mei de ferhier fan plezierboaten en jachten. Hierders komme net allinnich út Nederlân en Dútslân mar ek út ferskate oare lannen lykas België, Skandinavië en sels út Tsjechië. It jachtsjarterbedriuw Drait út Drachten profitearret ek fan dizze trend. De ynkomsten út de ferhier sitte al jierren yn de lift. It bedriuw hat op it stuit sa'n sechtich boaten foar de ferhier op it wetter. Klanten fine hiere faak makliker as keapje.

In hierboat is neffens de Bloemhofs net allinnich berikber foar minsken mei in grutte beurs.

Der is in ferskaat oan boaten en de mooglikheid om mei gruttere groepen it wetter op te gean. Sa bliuwe de kosten beheind.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)