Lieuwe Westra hat skjin syn nocht fan fallerij

10 aug 2015 - 17:49
  • Lieuwe Westra krekt foar de start yn Boalsert

Hurdfytser Lieuwe Westra fan De Tynje is moandei twa kear fallen yn de earste etappe fan de Eneco Tour. En dêr wurdt er wol wat wurch fan, sei er nei ôfrin. It is net foar it earst dit jier dat Westra op it asfalt leit. "It is it hiele jier itselde," seit er. "Se geane gewoan lizzen foar dy, en dan kinst net in kant op. Dan remmest, mar hast gjin tiid om stil te stean. Dan kinst fan 60 nei 50 kilometer yn it oere ôfremje. En dan leist mei 50 tsjin it asfalt."

"Dat binne de mindere kanten fan it wurk" seit Westra. "Dan kinst better strjitmakker wêze. Mar der moatte wol hiele rare dingen gebeure foardat ik der mei ophâld."

Nettsjinsteande de fallerij hat Westra moandei in moaie dei hân yn Fryslân. "Der wie in protte publyk yn de doarpen, en by de rotondes wie it smoardrok. In superdei foar Boalsert en Fryslân."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)