Natuerklup wol dat gemeente nei rjochter stapt oer Dellewal

10 aug 2015 - 17:11
  • Skylge

Stichting Natuurherstel Baai Dellewal wol dat de gemeente Skylge nei de rjochter stapt om it beslach op de grûn fan de baai ôf te heljen. De stifting hat in plan klear lizzen om de natuer yn de baai te fersterkjen en dêr subsydzje foar binnen te heljen. De planmakkerij leit lykwols stil omdat hotelketen WestCord beslach lein hat op de grûn.

WestCord hat dat dien omdat se fan miening is dat der in oerienkomst is mei de gemeente oer de bou fan it hotel.

De gemeente sels is ek dwaande mei plannen foar wenningbou yn de baai. Yn in reaksje seit in wurdfierder fan de gemeente dat it beslach der net samar ôf kin. Troch alle prosedueres kin dat der noch wol in jier opsitte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)