Bou badhotel by Midslân oan See op Skylge kin los

10 aug 2015 - 16:49
  • Gemeente Skylge

De bou fan it nije badhotel by Midslân oan See kin los. De gemeente Skylge hat dêrfoar de fergunning ôfjûn. Tsjin de plannen wie in soad ferset. Neffens beswiermakkers foldocht it plan lang net oan de stelde easken. It plan is de lêste tiid oanpast en foldocht neffens it kolleezje fan boargemaster en wethâlders no al oan de stelde easken.

Alle beswieren bin dan ek ôfwiisd. De beswiermakkers kinne noch nei de rjochter stappe om de bou te kearen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)