Trancefestival Psy-Fi kin gewoan trochgean

10 aug 2015 - 16:05

Trancefestival Psy-Fi yn rekreaasjeterrein De Griene Stjer by Ljouwert kin oer goed twa wiken gewoan trochgean. Wol mei it festival op trije nachten minder lang duorje, net oant trije oere nachts, mar oant ien oere nachts. Ek moat it lûd fan it festival flink minder lûd set wurde.

Dat hat de rjochter yn Grins moandei bepaald yn in saak dy't oanspand wie troch in oantal omwenners út Ljouwert en Tytsjerk. Sy reagearje mei mingde gefoelens op de útspraak.

Sy woene graach dat de rjochter it hiele festival ferbiede soe of oars de perioade fan opbouwen en ôfbrekken yn de Griene Stjer beheine soe. De gemeente Ljouwert jout dêrfoar 28 dagen de tiid. De start fan Psy-Fi is op 27 augustus. It trancefestival duorret fiif dagen. Der wurde 15.000 besikers ferwachte, dy't foar in grut part út it bûtenlân komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)