Jouster skouts bliuwe stykjen yn Taiwan troch swiere tyfoan

10 aug 2015 - 15:48

In swiere tyfoan yn de buert fan Japan soarget derfoar dat de skouts dy't moandei weromkomme soene fan de wrâld-Jamboree noch net nei hûs ta kinne. It fleanferkear yn Taiwan hat fertraging oprûn troch de tyfoan, en dêrtroch ha de skouts de oansluting mist. Ien fan dy skouts is Pauline Eilander fan De Jouwer. Se komt woansdei pas thús. "Foar har is dit in pracht aventoer", seit har mem.

De ôfrûne wiken ha de skouts yn tinten slept, mar no húsmanje se yn in super-de-lúks hotel yn Taiwan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)