Alden bern spesjaal ûnderwiis net bliid mei opstapplak

10 aug 2015 - 13:11

Yn gemeente De Fryske Marren wurde bern mei in beheining it kommende skoaljier op in sintraal opstapplak mei de taksy ophelle. Alden binne dêr net bliid mei. Se wolle dat bern thús ophelle en wer thúsbrocht wurde. It is foar protte âlden net dúdlik hoe't it no krekt komme sil, en dat wylst it nije skoaljier takom wike úteinset.

Neffens wethâlder Janny Schouwerwou fan de gemeente Fryske Marren besparret de gemeente troch dizze maatregel struktureel 32.000 per jier.

It systeem fan opstapplakken bestie yn de eardere gemeente Lemsterlân ek al. Foar bewenners fan de gemeente de Fryske Marren, dy't earder yn Skarsterlân of Gaasterlân-Sleat wenne ha, is de situaasje nij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)