Omrop TIP: Eneco Tour om 15.00 oere live op Omrop Fryslân tv

10 aug 2015 - 11:57

De earste etappe fan de Eneco Tour 2015 fynt dit jier plak yn Fryslân. Op moandei 10 augustus starte de hurdfytsers yn Boalsert wêrnei’t sy 183,5 kilometer troch Fryslân fytse. Omrop Fryslân stjoert de etappe fan 15.00 oere ôf live út.

Sûnt 2005 wurdt jierliks de Eneco Tour ferriden troch België en Nederlân. Dizze UCI wrâldtoer wedstriid bestiet út sân ritten mei yn de lêste etappe de finish op de Muur van Geraardsbergen yn België. Dit jier binne de start en finish fan de earste etappe yn Boalsert. By de rit troch Fryslân komme de hurdfytsers ûnder oaren by Frjentsjer, Harns, Snits, Sleat, Drylts, Starum, Hylpen en Warkum del. It is njoggen jier lyn dat de Eneco Tour foar it lêst troch Fryslân gie. Doe wûn Tom Boonen de rit.

Op moandei 10 augustus stjoert Omrop Fryslân de etappe troch Fryslân fan 15.00 oere ôf live út op televyzje. De útstjoering is ek te folgjen op ynternet en de app fan Omrop Fryslân. It kommentaar by de bylden wurdt fersoarge troch Koos Wieling en Andries Bakker. Ek op de radio wurdt ferslach dien fan de etappe troch Fryslân.

Earste etappe Eneco Tour 2015:
Op moandei 10 augustus fan 15.00 oere ôf op radio, televyzje, ynternet en de Omrop-app.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)