Trije mannen oppakt foar wenning- en autoynbraak Drachten

10 aug 2015 - 11:32

De plysje hat nei no bekend wurden is ein july trije minsken oanholden foar wenning- en autoynbraak yn Drachten en de stellerij fan in auto. It giet om twa manlju út Drachten fan 25 en 19 jier en in 18-jierrige Ljouwerter. De fergripen fûnen plak fan ein april oant ein juny. De plysje kaam de dieders op it spoar fia anonime meldingen en út eigen ûndersyk.

Der is foar tsientûzenen euro's stellen. It jild gie op oan de oanskaf fan djoere merkklean en oare lúks guod.

Ek waard gebrûk makke fan oernachtingen yn djoere hotels. De fertochten binne wer op frije fuotten yn ôfwachting op de rjochtsaak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)