Rjochter beslút moandei oer Psy-Fi festival

10 aug 2015 - 10:58
  • Tinten fan Psy-Fi gongers yn de Griene Stjer

De rjochter bepaalt moandei oft it trancefestival Psy-Fi yn rekreaasjegebiet de Griene Stjer by Ljouwert trochgean mei of net. De saak is oanspand troch in oantal omwenners yn Ljouwert en Tytsjerk. Sy fine dat it festival tefolle lûdsoerlêst jout. De gemeente hat ek tastimming jûn oan Psy-Fi om it rekreaasjegebiet foar in perioade fan op syn meast 28 dagen ôf te sluten.

De omwenners fine dy perioade fierstente lang. Fierder fine se ek dat de gemeente te min stúdzje dien hat nei de gefolgen foar de de natuer yn de Griene Stjer.

De start fan Psy-Fi is pland op 27 augustus. It trancefestival sil fiif dagen duorje. Der wurde 15.000 besikers ferwachte, dy't foar in grut part út it bûtenlân komme.

Psy-Fi waard ferline jier foar de earste kear hâlden en gong doe 24 oeren deis troch. No is de fergunning stranger en mei der bûten it festivalterrein nachts gjin muzyk te hearren wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)