Lieuwe Westra en koersdirekteur ûnder de yndruk fan Boalsert

09 aug 2015 - 22:32

Sawol Lieuwe Westra as de koersdirekteur fan de Eneco Tour wiene snein bot ûnder de yndruk fan de ploegepresintaasje yn Boalsert. Moandei begjint dêr de earste etappe fan de Eneco Tour en sneintejûn wie de ploegepresintaasje yn it sintrum fan Boalsert. Alle ploegen waarden binnenhelle mei boatsjes yn de grêften.

Westra koe der sichtber fan genietsje: "Ik tocht eins nei al dy kriteariums dy't ik riden ha, dit sil wol wat meifalle. Mar it makke echt yndruk, safolle minsken. Echt moai."

Ek koersdirekteur Rob Discart wie ymponearre: "Alles zit mee. Het weer, grote namen en de omgeving. Dit is echt een geweldig begin." As it oan Discart leit komt de Eneco Tour de kommende trije jier yn Fryslân. "Dat is wat wij in principe afgesproken hebben. Tot en met de 2018, tot en met de Culturele Hoofdstad, wil Friesland het wielrennen naar hier halen. Er kijken 90 miljoen mensen naar deze koers, dus dat levert wel wat reclame op."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)