Snitser hoareka wiis mei Snitswike fan tsien dagen

09 aug 2015 - 17:24

De kâns is grut dat de Snitswike ek takom jier wer tsien dagen duorret. Foar it earst duorre de evenemintewike gjin sân, mar tsien dagen. Dit wie in grutte winsk fan benammen de Snitser hoareka. De 80e Snitswike waard snein foar it earst ôfsletten mei in slotkonsert yn de Looxmagrêft.

Siktaris Ale Bok fan de stichting Sneek Promotie is tefreden oer it ferrin fan de wike. Moandei wurdt der in evaluaasje hâlden mei fertsjintwurdigers fan ûnder oare de gemeente Súdwest-Fryslân en de plysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)