Partoer Tuinenga wint yn Grou

09 aug 2015 - 17:02

Ilse Tuinenga, Sjoukje Visser en Manon Scheepstra hawwe snein yn Grou de frije formaasje keatspartij op harren namme skreaun. Yn de finale wiene de trije froulju mei 5-4 en 6-4 Lisette Wagenaar, Leonie van der Graaf en Fenna Zeinstra de baas.

De lytse preemje wie foar Elly Hofman, Anke Winkel en Geke de Boer, dy't yn de stiid om de preemje of neat mei 5-2 en 6-0 te sterk wiene foar Nicole Hempenius, Nynke Sijbrandij en Wiljo Sijbrandij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)