Ferkear kin nei earnstich ûngelok wer oer de Ofslútdyk

09 aug 2015 - 16:33

De Ofslútdyk rjochting Noard-Hollân hat snein sa'n fjouwer oeren ôfsletten west nei in earnstich ûngelok by Breesândyk mei ferskate auto's, in camper en in caravan. Om 16.00 oere waarden twa rydstroken wer iepensteld foar it ferkear. De earder op de dei ûnstiene files binne oplost.

By it ûngelok binne ferskate minsken ferwûne rekke. Njonken plysje, brânwacht en ambulânses waard ek in traumahelikopter by it ûngelok ynset. De brânwacht befrijde in autorider, dy't yn syn auto beknipe siet. It giet om in man fan Sliedrecht (49).

It ûngelok soe ûntstien wêze doe't in man út Creil (52) besocht om in camper yn te heljen. Krekt op dat stuit gie de camper sels nei links om de auto mei caravan foar him yn te heljen. Doe't de man fan Creil begûn te toeterjen, stjoerde de camper nei rjochts, wêrby't er de caravan rekke. De caravan rekke hjirby los fan de auto en bedarre op de sydkant. Yn de auto siet de man út Sliedrecht, dy't swierferwûne rekke. Syn frou rekke lichtferwûne, mar koe op it plak fan it ûngelok holpen wurde.

Nei it ûngelok wie in needreparaasje oan de autodyk nedich. It duorre dêrtroch wat langer foardat de Ofslútdyk wer frijjûn wurde koe oan it ferkear. It ferkear krige yn tuskentiid it advys om om te riden oer de A6.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)